Aanbieding!

Lage Prijs By de wâl del – A.A. van der Werf

Oorspronkelijke prijs was: € 6,95.Huidige prijs is: € 3,48.

Verzending Gratis verzending vanaf € 60,00 Voor bestellingen vanaf dit bedrag
Afrekenen Veilig afrekenen SSL beveiligde betaalpagina
BETAALMETHODEN Betaalmethoden
Artikelnummer: SK0033854-NL20260525-082845 Categorie:

Beschrijving

By de wâl del

Kristlik Fryske folksbibleteek, 88

,De skriuwer jowt yn dit boek net allinne in psychologysk moai krekte ûtbylding fan syn persoanen, mar hoe
wit hy ek de sfear to skeppen en dit part fan de Fryske Sûd Westhoek (Gaesterlân) foar jin libje to litten.
Mar dochs is dit boek mear as in sljochtwei streekroman, it stelt ek in soasiael probleem en stiet net sûnder krityk tsjin de tsjinners fan de tsjerke oer. Wy hoopje dat wy mei dit boek in goede kar dien hawwe en dat de lêzers it mei nocht lêze sille.
Dit wurd krige yn 1959 A. A. v. d. Werf syn earste greate roman „Y n ‘e berm lâns” mei op reis. In goede
kar wie it grif, hwant ,.Yn ‘e berm lâns” is mei it forfolch dêrop „Op ‘en paed” noch altyd ien fan de meast
lêzen boeken. Ën nou is hjirre in trêdde diel yn dizze rige ütkommen.
It is gjin forfolch op „Op ‘en paed”, mar it giet oan „Yn ‘e berm lâns” foarôf. Hwa’t dy oare beide boeken lêzen hat, sil grif bliid mei dit boek wêze, dat fortelt fan de tiid dat Fedde syn heit noch libbet. Gâns fan it lettere karakter fan Fedde en ek fan de forhâlding tusken Douwe Boskduvel en Fedde syn mem wurdt jin nou klear. Fansels kin it boek ek los fan de beide forfolgen lêzen wurde, mar it is dochs alderearst ornearre foar harren dy’t dy wòl lêzen hawwe.
Dejingen dy’t noch net earder yn ‘e kunde kommen is mei dit wurk fan A. A. v. d. Werf, riede wy oan de omnibus „Troch de nacht fan soarch en smerten” oan to rissen, dat is in trilogy yn paperback ûtfiering mei
„By de Wâl del”, „Yn ‘e berm lâns” en ‘en paed”, alle trije yn ien bân. De lêste beide boeken binne los ûtforkoft.
Wol to krijen binne noch fan deselde skriuwer :
„En de sé wie net mear” in manske roman oer it ûntstean fan de N.E. Polder, „In hânfol brieven fan Lipk
Adema” in roman yn brieffoarm oer it aktuele probleem fan in mingde forkearing en „De lcniper op ‘e skine”,
dat ûnforjiflik it libben fan in oannimmer biskriuwt, syn hüshâlding, syn wurk, syn stribjen en syn oerfloed.

Over de auteur:

Foar fierdere ÚTLIS, sjoch ek de ACHTERKANT fan ‘e boekomslach!

Zie voor verdere TOELICHTING ook de ACHTERZIJDE van de omslag van het boek !